Angelique van E. yn kassaasje

30 jan 2001 - 17:38

De advokaten fan de feroardiele Angelique van E. stappe nei de Hege Rie. Se binne it net iens mei de útspraak fan it gerjochtshôf yn Ljouwert. Dy joech de frou út Waskemar moandei acht jier selstraf foar deaslach fan Risanne Tingen (1) út Appelskea.

Neffens de advokaten is it fonnis fan it hôf basearre op te tinne feiten. Earder spruts de rjochtbank Van E. frij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)