Camping De Lemmer wurdt opknapt

30 jan 2001 - 17:30

De camping op De Lemmer wurdt foar mear as in miljoen gûne opknapt. De gemeenterie hat dêr moandeitejûn mei ynstimd. It 'trekkersfjildsje' - foar lytse tintsjes - sil bestean bliuwe.

Nei de opknapbeurt moatte de fêste gasten wol djipper yn 'e ponge taaste. De kosten foar in stânplak gean mei sa'n 1000 gûne omheech oer in perioade fan fiif jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)