De Kast ferliest rjochtsaak
It nûmer 'Jelle' mei gewoan ferkocht wurde. De Kast hie de rjochtbank yn Grins frege om it duo Slimme Schemer ft. Tido en harren platemaatskippij te ferbieden it nûmer út te bringen.
It ferske soe kwea dwaan oan it imago fan Syb van der Ploeg. Neffens de advokaat fan De Kast driget it nûmer in kassúkses te wurden. Dêrmei soe it duo it imago fan De Kast skeine.