LTO komt op foar ierdappelboeren

29 jan 2001 - 12:39

Boere-organisaasje LTO-Nederlân ropt bouboeren op gjin nije kontrakten te tekenjen mei hannelhûzen en de ierdappelferwurkjende yndustry. Dat is sneon bekendmakke. De kontrakten foar it takom seizoen lizze ûnder de kostpriis.

De ierdappelprizen wiene ferline jier al leech en binne no wer ûnderút gien. Hieltyd mear bouboeren reitsje dêrtroch finansjeel yn 'e nederklits.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)