Die Haghe te sterk foar Blau-Wyt

© Omrop Fryslân
Blau-Wyt fan It Hearrenfean koe snein 25 minuten lykoprinne mei koprinner Die Haghe. Dêrnei wie it ferskil te grut en ferlearen de Feansters mei 16-25 fan de ploech út Den Haag. Lânskampioen en Europa Cup-winner Die Haghe is dúdlik te sterk foar de Feanster kuorballers.
Blau-Wyt seach it duel benammen as ien fan fertrouwen opbouwe. Oare wike moatte se tsjin neiste konkurrint DVO.