Sterke groei dieltiidûnderwiis

© Omrop Fryslân
It dieltiidûnderwiis by beropsopliedingen groeit sterk. Hieltyd mear learlingen kieze yn it middelber ûnderwiis foar de mooglikheid om it wurkjen en it learen te kombinearjen.
Yn de saneamde 'Beroeps Begeleidende Leerweg' komme de learlingen noch mar ien dei yn 'e wike op skoalle en wurkje se 4 dagen by in baas. De skoallen moatte sadwaande har belied oanpasse.