Ferlies ONT yn spektakulêr duel

© Omrop Fryslân
Yn De Pein waard sneon de wedstriid ONT-HZVV spile yn de earste klasse E. Yn in spektakulêr duel wûn koprinner HZVV út Hoogeveen mei 0-1. It doelpunt waard makke út in penalty. ONT bliuwt nei it ferlies yn de gefaresône.
ONT wie seker net de mindere fan HZVV mar miste in protte kânsen. De lêste 20 minuten moast HZVV mei 9 man spylje, om't 2 spilers in reade kaart krigen.