Michelin-stjer foar Lauswolt

27 jan 2001 - 13:33

It restaurant fan Lauswolt yn Beetstersweach hat in Michelin-stjer krigen. It tal restaurants yn Fryslân mei in stjer komt dêrmei op trije. De Grië fan Skylge en De Koriander yn Drachten ha har stjer behâlden.

De takenning is in wike te betiid bekend wurden. De gids soe oare wike pas útkomme, mar in sleauwe meiwurker hie de ynhâld al op ynternet setten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)