Fragen oer funksje Heldoorn
Deputearre Heldoorn moat syn foarsitterskip fan de Fryske Boukring dellizze. Soks stiet heaks op de bestjoerlike yntegriteit en politike ferantwurdlikens. Dat fynt de steatefraksje fan de FNP.
De FNP freget him ôf oft de dûbele pet fan Heldoorn it provinsjale oanbestegingsbelied yn fertocht deiljocht stelle kin. It is neffens de fraksje better dat Heldoorn der fan ôfsjocht.