Roaimasine ynternasjonaal sukses

© Omrop Fryslân
De bolleroaimasine fan meganisaasjebedriuw Van Driesum út Easternijtsjerk is in ynternasjonaal sukses. De masine is ûntwikkele om yn netten tylde blombollen de grûn út te krijen.
De masines út Noardeast-Fryslân wurde no ek brûkt yn lannen as Ierlân, Spanje, Denemarken, Nij-Seelân en Australië. De solide bou en de ienfâld fan de masine ha laat ta dat sukses.