Rjochtsaak fertochte Togolees

26 jan 2001 - 09:47

It is noch hieltyd net dúdlik hoe âld as de Togoleeske asylsiker is. Hy soe ferline jier in hûsgenoat ombrocht ha. Tongersdei binne foar de rjochtbank yn Ljouwert saakkundigen heard.

De jonge seit dat er 16 jier is mar jústysje tinkt dat er âlder is. De leeftiid is fan ynfloed op de straf dy't er krije kin. Wannear't de rjochtsaak ferfolge wurdt is noch net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)