Herkomst fleis op etiketten

25 jan 2001 - 18:00

De Keuringstsjinst fan Waren sil strang optrede tsjin slachters dy't yn 'e winkels net dúdlik oanjouwe wêr't it kowefleis weikomt.

Op in foarljochtingsgearkomste yn it FEC waard troch it bedriuwsskip fan de slachters ynformaasje jûn oer in nij etikettearsysteem dat yn de winkels komme moat. Op dy etiketten moat it lân fan herkomst fan it fleis komme te stean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)