Te Loo besjocht fúzje wetterskip

© Omrop Fryslân
Ald-boargemaster Te Loo fan Ljouwert sil him bûge oer in mooglike fúzje tusken de seis Fryske wetterskippen.
Takom wike woansdei prate de bestjoeren fan de seis wetterskippen mei-elkoar om te praten oer de útgongspuntenotysje foar in fierdere gearwurking. Te Loo sil dy gearkomste as ûnôfhinklik foarsitter liede. Der wurdt dan ek besjoen hoe't it personiel meiprate kin.