Boargers foarrang by keapjen hûs

25 jan 2001 - 10:22

Boargers soenen foarrang ha moatte by it keapjen fan in hûs yn Gaasterlân-Sleat. Dat sei wethâlder Brouwer fan dy gemeente tiisdei by in CDA-byienkomst yn Balk.

Brouwer syn motivaasje is dat rike lju út de Rânestêd de prizen fan de huzen opdriuwe. Dêrtroch wurdt it foar starters op de wenningmerk dreech om wat te finen. Neffens CDA-foarsitter Van Rij giet it útstel te fier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)