Skaakkampioen foar sjoernalisten

© Omrop Fryslân
Omrop Fryslân-sjoernalist Jouke Algra is Nederlânsk Kampioen skaken foar sjoernalisten wurden. By syn debút wûn Algra 5 fan 'e 6 partijen. Oan it toernoai yn Wijk aan Zee diene 30 sjoernalisten mei.
Yn 'e finale, besteande út 4 fluggerpartijen, fersloech Algra de kampioen fan ferline jier, Peter Boel fan 'e Arnhemse Courant. Dy partij waarden folge troch âld-wrâldkampioen Gary Kasparov.