Plysjesjef Bangma giet fuort

24 jan 2001 - 10:06

Cees Bangma wurdt per 1 maaie plakferfangend direkteur fan it Nederlânsk Plysje Ynstitút yn Den Haag. De Fryske plysjesjef komt te wurkjen as koördinator strategy en belied.

Sûnt 1993 wie Bangma sjef fan it plysjedistrikt Midden-Fryslân. Yn 1997 naam er it inisjatyf ta de ien minút stilte nei de dea fan Meindert Tjoelker. Dêrút kaam de aksje 'Nee tegen geweld' fuort.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)