Wetterskipshûs net brânfeilich

23 jan 2001 - 18:46

It wetterskipshûs fan Marne-Middelsee yn Boalsert is net brânfeilich. Dat docht bliken nei ynspeksje fan 'e brânwacht. De needferljochting en de brânmeldynstallaasje foldogge ûnder oare net oan de easken fan 'e gebrûksfergunning.

Maatregels om it hûs fan it wetterskip oan te passen kostet 25.000 gûne. It kolleezje fan folmachten moat dêr noch in beslút oer nimme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)