Prosesmanager foar Kenniscampus

© Omrop Fryslân
De provinsje stelt trije ton beskikber foar in prosesmanager. Dy moat de Kenniscampus yn Ljouwert stal jaan. Ta de ferantwurdlikheid fan de manager heart it koördinearjen fan wurkgroepen.
De kenniscampus is in gearwurking tusken de trije hegeskoallen yn 'e haadstêd. Sa'n Frysk HBO- ferbân is belangryk om't it ryk nije opliedingen stipet by foldwaande belangstelling.