Oranjewyk wer yn aksje

23 jan 2001 - 17:14

Bewenners fan de Ljouwerter Oranjewyk fierden tiisdei foar de safolste kear aksje tsjin de festiging fan ferslaafdenopfang. Se dielden struibrieven út by de Earste Kanaalbrêge.

De gemeente hat plannen twahûndert drugsferslaafden op te heinen oan de Sudergrêftswâl. De Oranjewyk fynt it in probleem fan de hiele stêd. Dêrom moatte der mear, lytsere opfangplakken komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)