WAO-ers yn jildpine

23 jan 2001 - 10:16

Under de likernôch tûzen Fryske WAO-ers is ûnrêst ûntstien. It WAO Beried Fryslân hat in soad klachten heard fan minsken dy't te min jild krigen.

Troch feroaringen yn de nije belestingwet geane de arbeidsûngeskikten der op achterút, wylst har ferline jier tasein wie dat se krekt mear jild barre soenen. It WAO Beried hâldt 19 febrewaris in dei yn Ljouwert dêr't útlis jûn wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)