Website Ljouwert yn top 10

22 jan 2001 - 17:39

De website fan de gemeente Ljouwert stiet yn de top 10 fan sites dy't troch de oerheid makke binne. Foar Ljouwert is it njoggende plak ynromme. De list is gearstald yn opdracht fan it ministearje fan Ynlânske Saken.

Achthûndert sites binne hifke op ynhâld en kwaliteit. De website fan Amsterdam kaam as bêste út de bus. Dy fan Ljouwert is te sjen op www.leeuwarden.nl.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)