Keunstsinnige mielen

© Omrop Fryslân
De eangst foar it iten hjoeddedei hat it perioadyk Praktikabel ynspirearre ta in bysûndere keunstopdracht. Trije keunstners ha in menu gearstald op ien fan de motiven seks, dea en duvel.
Mei kok Kasma fan restaurant Piet Paaltjens yn Ljouwert ha se de grinzen fan kulinêre ferbylding ferkend. Fan 25 jannewaris ôf stiet yn it restaurant trije wike lang ien fan de menu's op de kaart.