Friezen súksesfol op koartebaan

© Omrop Fryslân
Dennis Kalker út Ter Aar hat sneon it NK koartebaanriden wûn. Roald Schuurman út It Fean waard twadde, Jacob Kleibeuker tredde.
It koartebaanriden foar de froulju yn Haulerwyk brocht in sensasjonele finale. Cindy Groen makke in misslach, sadat Janet Boelen út It Fean like te winnen. Sy foel lykwols en glide ûnreglemintêr de finisj oer; de titel wie foar Groen.