Oansluting Ljouwert op Surfnet 5

21 jan 2001 - 17:11

Ljouwert krijt dochs oansluting op Surfnet 5, de nije Nederlânske digitale snelwei. Surfnet 5 is it nije digitale breedbân-net fan 'e universiteitsstêden, dat ek geskikt is foar streaming fideo.

Tagong ta Surfnet 5 is tige wichtich foar de Ljouwerter hegeskoallen, it nije ICT-sintrum, it MCL en in soad oare bedriuwen. Ljouwert soe yn earste ynstânsje gjin tagong ta Surfnet 5 krije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)