'Ljouwert moat nei It Fean sjen'

© Omrop Fryslân
Ljouwert moat mear gearwurkje mei It Hearrenfean en net ynsette op Grins en Assen. Dat fynt âld-boargemaster fan Ljouwert, Apotheker. Neffens him kinne yndustryplak Hearrenfean en tsjinstestêd Ljouwert inoar goed oanfolje.
Hy fynt it net nuver dat Ljouwert net en Assen en Grins al de status fan stêdlik netwurk krigen ha. Dy twa plakken lizze geunstiger, yn it easten.