Van der Veen Frysk kampioen

20 jan 2001 - 17:40

Bert Jan van der Veen fan 'e Jouwer is freed Frysk kampioen maratonriden op natueriis wurden. Op it Nannewiid by Aldehaske wûn er de einsprint fan Kramer. De maraton gie oer in ôfstân fan 60 km.

Hennie Bok waard by de froulju kampioen en Douwe de Boer by de feteranen. It publyk moast op 'e kant bliuwe, om't it iis noch net sterk genôch wie foar sa'n grutte groep.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)