Lêste boek Rink van der Velde

20 jan 2001 - 16:06

De meast ferneamde skriuwer fan Fryske romans, Rink van der Velde, hat syn lêste boek skreaun. 'It Guozzeroer' is freed yn Ljouwert presintearre. It earste eksimplaar waard oan de skriuwer (1932) sels oanbean.

Van der Velde hat oanjûn mei skriuwen op te hâlden. De skriuwer fan 'De Fûke' en 'Feroaring fan lucht' is slim siik. Hy is ek fanatyk jager en fisker.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)