Museum Feankleaster bliuwt
It lânboumuseum yn Feankleaster bliuwt bestean. It museum is oankocht troch Dirk en Marjanne van der Zwaag út Kollumersweach. De nije eigner wol yn it museum mear omtinken jaan oan it lânskip en de natuer om Feankleaster.
Lang wie der sprake fan oername fan de kolleksje yn Feankleaster troch it lânboumuseum yn Eksmoarre, mar dat is no fan de baan.