Iis faak noch ûnbetrouber

19 jan 2001 - 12:20

Reedriden op stedsgrêften en iepen wetter is beslist noch net fertroud. It Wetterskip Fryslân lost noch hieltyd wetter by de Dokkumer Nijesilen.

It wetterskip warskôget dan ek om allinnich op iisbanen en ûnderrûn lân te riden, want it iis op sleatten, marren en grêften hâldt noch net. Pas as in rûte ferkend en útset is, is it fertroud dêr te riden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)