Tryater siket figuranten

19 jan 2001 - 10:45

Toanielselskip Tryater siket figuranten foar in nije produksje. It giet om de Grykske trageedzje Medea. Tryater siket acht jonges tusken de 7 en 11 jier dy't de soannen fan Medea spylje sille. Se moatte blond hier hawwe.

De jonges sille yn twatallen ien kear yn 'e wike yn in foarstelling meispylje. Se hawwe gjin tekst. Gadingmakkers kinne har oant takom tongersdei oanmelde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)