Boeren ha lêst fan guozzen

© Omrop Fryslân
Guozzen op it lân besoargje de boeren hieltyd mear lêst. Sûnt desimber hat it ryk ferbean op de fûgels te jeien. De skea is nei dy tiid tanommen.
Neffens de boere-organisaasje, LTO, litte de guozzen har net ferjeie troch flachjes of fjoerwurk. Om dizze tiid fan it jier hinne oerwinterje de bisten yn ús lân. De boeren kinne fan it ryk in skeafergoeding krije.