Krapte oan bedriuwsromte
It bedriuwslibben yn it Noarden hat de kommende jierren folle mear romte nedich as foarsein. Hast de helte fan de ûndernimmers yn Fryslân, Grinslân en Drinte sil binnen 5 jier útwreidzje. In mearderheid dêrfan wol yn eigen gemeente bliuwe.
Benammen yn Ljouwert en Grins moatte bedriuwen har terrein ferlitte om't se dêr net útwreidzje kinne.