Fryske hynders noch populêr

17 jan 2001 - 17:35

De belangstelling foar it Fryske hynder is noch hieltyd grut. Der wie tiisdei dan ek in soad folk ôfkaam op de feiling fan 3-jierrige hynsten fan it Frysk Hynste Sintrum yn Drachten.

Doel fan it eigen opfoksintrum fan it Sintrum is te kommen ta betroubere hynders dêr't de skiednis fan bekend is. De 15 hynsten giene flot fan 'e hân foar in priis fan trochsnee 12 tûzen gûne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)