Acht ûntslaggen Nieuwe Weme

© Omrop Fryslân
By it haadkantoar fan Nieuwe Weme op It Hearrenfean hawwe tiisdei acht minsken dien krigen. Sân dêrfan hiene al oanjûn op syk te wêzen nei in oare baan.
De ûntslaggen hearre by de reorganisaasje fan it memmebedriuw Laurus. Laurus slút takom jier it haadkantoar. Yn maaie komt de twadde ûntslachronde. FNV Bondgenoten fynt dat it tal fan acht ûntslaggen by de earste lichting ôffalt.