GCO wol neibetelling Na-Hossers

© Omrop Fryslân
GCO Fryslân easket in neibetelling foar foar de saneamde Na-Hossers. Dat binne leararen dy't nei 1985 yn tsjinst kommen binne. Dêrmei slút de ûnderwiisbegeliedingstsjint him oan by in útspraak fan de Commissie Gelijke Behandeling.
It HOS-akkoard yn 1985 betsjutte in fikse achterútgong yn salaris foar begjinnende leararen. In protte weryntreedzjende froulju wiene de klos.