Ferpleger út syn berop set
In ferpleechkundige (39) út Ljouwert mei syn berop net langer útoefenje fan it Regionaal Tuchtcollege yn Grins. De ferpleger hat demente pasjinten yn Nij Mellens rûch behannele, sels mei geweld. Dat barde yn 1998 en 1999.
De rjochtbank hie de man ferline jier al in wurkstraf oplein. Dêrnei kamen der wer klachten. De Ljouwerter hat yntusken in oare baan bûten de soarch.