Famkes twad by Soundmixfinale

16 jan 2001 - 15:12

Marieke, Femke en Sanne (13, 15 en 16 jier) út Ljouwert binne sneon as twadde einige by de Soundmixfinale yn Muzyksintrum Schaaf yn 'e haadstêd. De sjuery foarsei de jongste dielnimmers al in profesjonele karriêre.

Winner fan de fjirde Soundmixfinale wie Trea de Ridder út Woerden. Se song 'Cry me a river' fan Shirley Bassey. Se krige de Soundmixaward en in reis nei Parys.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)