Frije merk griis sûkerbiteboeren
Produsinten fan sûker binne benaud dat de merk foar sûkerbiten almar mear frij jûn wurdt. Dat sprutsen de boeren út op de jierlikse gearkomste yn Frjentsjer.
It tal biten en de prizen binne fêstlein yn in feroardering, dy't 1 july ôfrint. Mooglik geane de prizen dan omleech en wurdt de kwaliteit minder. De boeren binne lilk om't de lânbouminister de feroardering oanpasse wol.