Loftsdraaiend wetter yn Thialf

© Omrop Fryslân
Mei loftsdraaiend wetter soe yn it iisstadion Thialf op It Hearrenfean hurder riden wurde kinne. Dat tinkt bakker Geertsema út it Grinzer Muntendam. By it bakken brûkt er sûnt twa jier loftsdraaiend wetter en dat soe sûner wêze.
De adviseur fan Thialf sjocht wol wat yn it idee. De bakker bewurket kraanwetter mei in spesjale ynstallaasje sadat enerzjybanen oarsom rinne en sûner binne.