Kroantsjûge net oertsjûgjend

© Omrop Fryslân
De kroantsjûge yn de saak-Tingen makke moandei foar it gerjochtshôf op 'e nij gjin sterke yndruk. Hy is de iennichste dy't fertochte Angelique van E. mooglik sjoen hat op it plak fan it misdriuw.
De man kaam lykwols net fierder as de stelling dat er in frou sjoen hat dy't op de fertochte liket. Hy kin net sizze dat se it is, mar is der ek net wis fan dat se it net is.