Famke yn Snits (15) betaaste

15 jan 2001 - 17:21

De plysje fan Snits siket tsjûgen fan in oerfal op in 15-jierrich famke út Snits. Sneon 6 jannewaris waard se yn 'e Wide Burgstrjitte troch in man tsjin de muorre drukt en ûnseedlik betaaste.

Op dat stuit fytsten in man en in frou fan sawat 50 jier foarby. De man rôp soksawat as 'Wat moat dat dêr'. Dêrnei naaide de oerfaller út. De plysje wol graach mei de man en de frou prate.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)