Brûns foar Wieteke Cramer op EK
Wieteke Cramer fan De Lemmer is mei it tredde plak de bêste Nederlanner wurden op it EK reedriden yn Baselga di Pine. De brûnzen medalje tanket de debutante oan de fal fan Barisjeva. Cramer klom dêrtroch in plak yn it klassemint.
Op de ôfslutende fiif kilometer wûn Gunda Niemann, dy't foar de achtste kear de Europeeske titel helle. Cramer waard tred op dy ôfstân yn 7:23:61.