Debat oer leauwe en polityk

© Omrop Fryslân
It Frysk Deiblêd organisearret woansdei 17 jannewaris in debat oer leauwe en polityk. It debat oer noarmen en wearden yn 'e polityk is de ôfsluting fan in searje oer boargers en leauwe.
Tamarah Benima, Wilfryd de Pree en Siem Jansen hâlde in ynlieding op de iepenbiere diskusjejûn mei it tema 'kin polityk kristlik wêze?. De jûn begjint 19.30 yn it Aljemint, Doelestrj.2, Ljouwert.