Topstikken kopiearre yn museum

© Omrop Fryslân
It Ljouwerter Frysk Museum docht mei oan it lanlik projekt Meesterlijk gekopieerd ... en dan? Amateurkeunstners ha fan in tal stikken út de kolleksje krekte kopyen makke of as ynspiraasjeboarne brûkt.
De útstalling toant de fyzje fan de amateurkeunstners op de museumstikken en is in stimulâns foar har fierdere ûntjouwing. It museum is tiisdeis oant en mei sneins iepen fan 11.00-17.00 oere.