Yogalessen yn Snits
It Yogasintrum yn Snits begjint fan 15 jannewaris ôf mei lessen. De yogalessen binne net allinne bedoeld foar minsken dy't yn de kunde komme wolle mei yoga mar ek foar har dy't der al bekend mei binne. Foar âlderein en swangere froulju binne spesjale groepen.
Troch yoga-oefeningen kin leard wurde om bewust te wurden fan it lichem en spanning los te litten.