Tal leden KFFB rint werom

© Omrop Fryslân
Menno Janzen krige sneon postúm de priis fan 'e Kristlike Fryske Folksbiblioteek takend. Syn manuskript 'Wa fan de twa' wurdt útjûn. It giet oer in man, dy't weromkommend út Dachau, op syk giet nei syn ferline.
Op 'e Nijjiersgearkomste fan 'e boekeklub waard bekend makke dat it tal leden alle jierren mei 250 weromrint. Alde leden ferstjerre en jonge betankje gauris.