Side Ljouwert wurdt meartalich

© Omrop Fryslân
De webside fan 'e gemeente Ljouwert wurdt noch dit jier meartalich. De gemeente hat dat witte litten oan de Stichting Fryske Klub Ljouwert.
De measte Fryske gemeenten hawwe in ientalich (Nederlânske) webside. Dat jildt sels foar in gemeente as Tytsjerksteradiel. Smellingerlân is in geunstige útsûndering mei in twatalige side. Ljouwert sil yn 'e rin fan dit jier folgje.