Jonge Wergeaster kok kampioen

© Omrop Fryslân
Geert Jan Vaartjes út Wergea is Nederlânsk Kampioen itensieden wurden. It SVH-kampioenskip waard tongersdei yn Amsterdam hâlden. Fan tsien finalisten wie de 20-jierrige kok yn oplieding (fyfde jiers) de bêste.
Mei syn oerwinning pleatste Vaartjes, dy't by Lauswolt yn Beetstersweach wurket, him foar in ferfolchwedstriid. Mooglik dêrnei ek it wrâldkampioenskip.