Fideokamera yn treinen Noordned

© Omrop Fryslân
Noordned ynstallearret acht kamera's yn twa treinen. It ferfiersbedriuw wol mei de fideobewekking it fandalisme werombringe en de feilichheid fergrutsje. It giet om in proef fan in jier.
Njonken it tafersjoch yn de treinstellen wol Noordned ek de stasjons mei kamera's yn de gaten hâlde en stasjonswachten oanstelle. De ferfierder hat oan de easken fan de wet op de privacy foldien.