Pechstein dielt tik út

© Omrop Fryslân
Claudia Pechstein hat de 500 meter by it EK reedriden foar froulju wûn, yn 39.88. Twad waard Simionato, tredde, ferrassend, Barbara de Loor mei 40.11.
Annamarie Thomas ried 40.40, Wieteke Cramer 40.65. Groenewold waard diskwalifisearre. Sy hindere by de wiksel Friesinger. By it oerriden foel dy en rekke slim ferwûne. Niemann ried 41.68 en kin de titel ferjitte.